Nije busferbining Tsjummearum

04 jul 2007 - 12:56
  • Tsjummearum krijt in nije busferbining mei Harns en Frjentsjer

Der komt in nije busferbining tusken Harns en Tsjummearum en tusken Frjentsjer en Tsjummearum. De provinsje en Connexxion lûke hjir 100 tûzen euro foar út. In soad reizgers hiene klage oer de feroarings yn de tsjinstregeling.

Skoalbern koene net mear op tiid op skoalle yn Frjentsjer en Harns komme en besikers fan it sikehús yn Harns hiene ek grutte problemen mei de ferbining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)