Nije brievebus yn Wytmarsum

27 des 2007 - 11:20

De Easterstrjitte yn Wytmarsum krijt op 7 jannewaris syn brievebus werom. De bus waard de ôfrûne dagen fernield mei fjoerwurk. De post dy't der yn siet rekke, yn tsjinstelling ta eardere berjochten, net skânsearre. Dy post wurdt gewoan besoarge.

Om foar te kommen dat de bus de kommende dagen op 'e nij fernield wurdt, pleatst TNT Post de bus neffens lanlike regels pas yn de twadde wike fan jannewaris werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)