Nije brêge yn Dokkum

14 okt 2009 - 14:38
  • De earste nije brêge yn Dokkum

Yn Dokkum is woansdei de earste fan fjouwer nije brêgen pleatst. De earste brêge waard pleatst op it eardere Oostergo Lyceumplein. De stielen brêgen binne 28 meter lang. De foarmjouwing fan de brêgen is spesjaal.

De gemeente hie in jier lyn in oanbesteging dien mei in tal betingsten. It bedriuw De Boer en De Groot út Harns krige de opdracht. De oare trije brêgen wurde yn de rin fan de kommende moannen pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)