Nije brêge oer Suderstedsgrêft

08 okt 2003 - 00:00

It Ljouwerter kolleezje wol in nije brêge foar fuotgongers en fytsers oer de Suderstedsgrêft. De brêge ferbynt de Lange Markt mei it Ruterskertier. Fuotgongers en fytsers kinne dan by de Harmonie del nei de binnenstêd. Ek foar takomstige parkearders komt de brêge fan pas as de Aegongaraazje wykeins iepen is foar publyk.

Foar omwenners is 27 oktober in byienkomst yn it Oranjehotel. De brêge kostet 1.8 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)