Nije brêge oer PM-kanaal

22 feb 2007 - 13:45
  • De nije brêge is ek draaiber lykas de âlde

De nije brêge oer it PM-kanaal by Gerkeskleaster-Strobos is tongersdei offisjeel iepene foar it ferkear. De oergong wie in jier lang net te brûken om't der in nije, bredere brêge yn set waard foar de farwei De Lemmer-Delfsyl. De doarpsbewenners moasten al dy tiid omride of mei in pontsje nei de oare kant fan it doarp. Skippen kinne elkoar foarbyfarre as de nije brêge iepen is. Sadwaande is der gjin wachttiid mear foar de trochgong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)