Nije brêge Menaam iepene

23 apr 2006 - 15:53

Ferkear kin wer sûnder problemen troch Menaam hinne, want sneon is de nije brêge yn it sintrum iepene. Dat waard dien troch de eardere brêgewipster. Sy sit no sûnder wurk, want de nije brêge is net beweechber.

Brêgewipster Ytsje Douma siet oan board by in tal pommeranten út de gemeentlike polityk, dy't ûnderweis wiene nei de iepening. De nije brêge is in meter heger as de âlde. De âlde brêge hat der 50 jier yn lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)