Nije brêge foar Nijlemmer

03 des 2008 - 07:10

Der komt in nije brêge oer de Schipsloot yn Nijlemmer. De brêge waard yn maart ôfsletten foar swier ferkear nei't omwenners klage hiene oer lûdsoerlêst.

Troch swier ferkear bûge de stielen lizzers en dat jout in soad leven. Weststellingwerf woe de brêge noch dit jier ferfange, mar dat slagge net. Dêrom moatte boeren in hiel ein omride om by harren lân te kommen. Wannear't de brêge pleatst wurdt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)