Nije brêge Aldtsjerksterfeart

26 sep 2003 - 00:00

It lêste obstakel foar boaten yn it noardlik part fan de Alvestêderûte is freed fuorthelle. It giet om in fuotgongersbrechje oer de Aldtsjerksterfeart. Dy is no ferfongen troch in brêge op 2,5 meter hichte, dêr't ek fytsers oerhinne kinne.

In kraan moast der oan te pas komme om de âlde brêge fuort te heljen. Mei de nije brêge is der in fyts- en farferbining tusken Aldtsjerk en Bartlehiem ûntstien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)