Nije brechjes moatte ympuls jaan oan Grootzand yn Snits

27 nov 2014 - 09:54
  • It Grutsân yn Snits

Twa nije brechjes foar fuotgongers moatte foar mear libben soargje op it Grootzand yn Snits. De gemeente Súdwest-Fryslân lûkt goed 80-tûzen euro út foar it plan. De brechjes binne in inisjatyf fan de bewenners en ûndernimmers op it Grootzand.

Der is hieltiid mear leechstân yn dit stik fan de binnenstêd en de brechjes soene foar in bettere útstrieling soargje moatte. Neffens de ûndernimmers en bewenners soe it plan mear toeristen lûke kinne nei it Grootzand en dêrmei ek wer mear winkels. De ried moat noch oer de plannen prate.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)