Nije brânwachtkazerne Ljouwert

05 apr 2013 - 22:12

Hûnderten minsken kamen freedtejûn op de iepening fan de nije brânwachtkazerne yn Ljouwert ôf. De âlde kazerne, dy't yntusken ôfbrutsen is, wie 40 jier âld en net mear fan dizze tiid. Sa foldie it gebou net mear oan de arboregels en wie it klimaat net goed mear. It nagelnije gebou, dat 6 miljoen euro koste hat, jout plak oan tsientallen brânwachtminsken, allegearre berops. Neist de brânwachtauto's en apparatuer is der ek in sportseal, binne der sliepkeamers en kantoaren.

Ynteressearren kinne sneon de hiele dei by de nije brânwachtkazerne sjen, want it is iepen dei. Dat kin tusken 10 en 17 oere. Der wurde tûzenen besikers ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)