Nije brânwachtkazerne Lemmer

04 okt 2013 - 11:56

De kâns is grut dat De Lemmer in nije brânwachtkazerne kriget. De ôfrûne tiid is besjoen wat de bêste opsje is, no't de besteande kazerne oan ferfanging ta is. Dêr komt út nei foarren dat nijbou oan de Albert Koopmanstrjitte it bêste is. Boargemaster en wethâlders stelle de gemeenterie no foar om dat te dwaan. Dêrfoar is in miljoen euro nedich.

Nei de bou wurdt de kazerne oerdroegen oan de Feiligensregio Fryslân. Dy wurdt eigener fan alle brânwachtkazernes yn 'e provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)