Nije brânwacht-manlju T'diel

11 apr 2008 - 13:56

De brânwacht fan Tytsjerksteradiel hat tolve serieuze oanmeldings oerholden oan in spesjale wervingskampanje om de krapte ûnder it brânwachtpersoaniel fuort te wurkjen.

Yn maart binne alle ynwenners fan Burgum en Sumar tusken de 20 en 40 jier oanskreun. De aksje hat yn earste ynstansje twintich reaksjes opsmiten. Nei in ynformaasjejûn binne hjir tolve fan oerbleaun. Dy krije no in lichaamlike en psychologyske test.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)