Nije boek Rens Kroes direkt boppe-oan Bestseller 60

17 jun 2015 - 14:09
  • It foarige boek fan Rens Kroes

It nije boek fan Rens Kroes stiet nei de publikaasje ferline wike direkt boppe-oan de Bestseller 60. It boek hat de titel ‘Powerfood. Van Friesland naar New York’ en biedt in hiel nije samling fan benammen sûne resepten. Rens Kroes is berne yn Eastermar en hat har ynspirearje litten troch New York, de stêd dêr’t sy sels studearre en wenne hat.

It is de twadde publikaasje fan Kroes. Yn july 2014 debutearre se mei ‘Powerfood’. De suster fan topmodel Doutzen Kroes is ek wol ris op televyzje en har resepten binne yn ferskate media te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)