Nije boeien yn grut farwetter

02 jan 2014 - 06:31
  • Iselmar

Rykswettersteat ferfangt dizze winter tsientallen boeien op de Fryske marren. Hjir komme saneamde 'iisspjirren' foar werom. Dat binne lytse boeien dy't de foarm hawwe fan in spjir (spar). Se wurde ferljochte mei sinne-enerzjy. Omdat der winterdeis grutte iisplaten yn it wetter komme kinne, ferskowe de boeien wolris. Dizze iisspjirren bliuwe better op har plak lizzen. Sa bliuwt de farrûte better sichtber.

Mei-inoar giet it om hûnderten boeien dy't ferfong wurde op de Iselmar, de Markermar en de Waadsee. It wurk duorret noch sa'n twa jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)