Nije boarterstún betelle út Mienskipsfûns

18 maaie 2015 - 12:23
  • Nije boarterstún Jirnsum
  • Nije boarterstún Jirnsum

De learlingen fan de basisskoallen Sint Radboud en OBS It Tredde Sté yn Jirnsum hawwe in nije boarterstún. De boarterstún is it earste projekt dat betelle is út it Mienskipsfûns fan de gemeente Ljouwert. De skoallen krigen yn augustus 2013 nije skoalgebouwen, mar der wie gjin jild foar in boarterstún. De boarterstúnkommisje hat doe in berop dien op it Mienskipsfûns fan de gemeente Ljouwert. Dêrút krigen se 21.000 euro foar de realisaasje fan in iepenbier skoalplein.

It Mienskipsfûns kin oanskreaun wurde foar leefberensinisjativen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)