Nije boargemaster Gaasterlân

27 aug 2003 - 00:00

Frou De Roos van Rooden wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Gaasterlân-Sleat. Se is de earste kar fan de betrouwenskommisje as opfolger fan boargemaster Pitlo. Se komt út Westzaan en is 54 jier. Se wie earder boargemaster yn it Gelderse Millingen en dykgraaf yn Alkmaar.

De kommisje draacht frou De Roos van Rooden woansdei foar as kandidaat. Niels Joosten (39) fan Oranjewâld is de twadde kar fan de kommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)