Nije boargemaster Dantumadiel

04 jun 2004 - 00:00

Arie Aalberts fan Stiens wurdt heechst wierskynlik de nije boargemaster fan de gemeente Dantumadiel. De eardere presidint-kommissaris fan suvelbedriuw Friesland Coberco is unanym foardroegen troch de gemeenteried. De beneaming is nei alle gedachten noch in formaliteit.

Op it twadde plak stiet Titia Lont, earder fan Sint Jabik. Wichtichste taak foar Aalberts (CDA) wurdt it oantreklik meitsjen fan Dantumadiel as wen- en wurkgemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)