Nije blautongetest by Schaap

28 aug 2007 - 10:03
  • It gebou fan de firma Schaap

De 390 kij fan it fee-eksportbedriuw Schaap yn Dronryp wurde oer twa wike op 'e nij test op blautonge. As de bisten dan net besmet binne, kinne se ferfierd wurde nei Ruslân. Dat is de útkomst fan oerlis tusken Schaap en it Ministearje fan Lânbou.

In wike lyn waard bekend dat Schaap in pear kij mei blautonge hie. Dy bisten binne slachte. De Russyske klant wol de kij gewoan ha, mar it ministearje moat wol tastimming jaan foar ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)