Nije bibeloersetting printe

21 sep 2004 - 10:11

Foar drukkerij Jongbloed yn Hearrenfean binne it drokke dagen. Dêr wurde no 200.000 eksimplaren fan de nije bibel printe. Ein oktober krijt de keninginne it earste eksimplaar fan de bibel.

De earste nije Nederlânske bibeloersetting yn 50 jier folget it Fryske foarbyld fan 25 jier lyn. Yn it Frysk is doe al de gewoane sprektaal oanhâlden, it Nederlânsk docht dat no ek. Oan de oersetting ha teologen fan ferskate leauwens meiwurke, ek joadske.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)