Nije bestimming rekreaasjehûs

27 mrt 2013 - 10:07
  • Gemeente It Amelân

De Stichting Amelander Musea siket in nije bestimming foar it âldste rekreaasjehûske op it eilân. Dat is ein jierren tritich boud en driget sloopt te wurden.

De stichting ûndersiket no oft it hûske brûkt wurde kin as yntreegebou by de bunkers fan Hollum of dat it ferpleatst wurde kin nei it natuersintrum by Nes. De provinsje hat yntusken hast 20-tûzen euro beskikber steld foar in nije bestimming, de stichting tinkt noch sa'n 15-tûzen euro ekstra nedich te hawwen.

It húske Donax is de lêste yn syn soart dat noch op It Amelân stiet. It waard boud yn 'e tiid dat it toerisme op It Amelân begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)