Nije bestimming Phoenix-terrein

03 okt 2003 - 00:00

It eardere Phoenix-terrein yn Ljouwert hat in nije bestimming. Nei jierrenlange tarieding hat wethâlder Brok freed de earste peal slein foar in bedriuwsromte en apparteminten.

Op it terrein oan Achter de Hoven wie earder in fytsefabryk. Doe't de gebouwen ôfbrutsen waarden, die bliken dat de grûn slim fersmoarge wie. Mei it skjinmeitsjen fan de boaiem is al begûn. It projekt kostet seis miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)