Nije bestimming foar wjukken

25 sep 2012 - 16:14

Rotterdammers kinne tenei op de wjukken fan Fryske wynmûnen sitte. In arsjitekteburo hat banken makke fan njoggen wjukken fan trije turbines út de opslach fan Hoekstra Suwâld Technyk. It bedriuw hie de turbines yn 2002 kocht. De wjukken koene net langer brûkt wurde en leine yn de opslach te wachtsjen op it momint dat se nei it stoart brocht wurde soene.

Se krije no op it Willemsplein yn Rotterdam in twadde libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)