Nije belangeklup fiskers

22 jan 2010 - 21:04

Der is foldwaande animo foar in nije belangeferiening fan fiskers mei fêste netten op de Waadsee en oan de Noardseekust. Hoe't dat krekt moat, wurdt de kommende tiid útsocht. Dat is freedtemiddei ôfpraat op in gearkomste yn Winaam.

Oanlieding is ûnder mear it ferbod om op iel te fiskjen. Dizze fiskers fiskje lykwols net op iel, mar wurde wol troffen troch it ferbod. Se meie harre netten net brûke omdat je dêr wol iel mei fange kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)