Nije belangeferiening homo's

28 aug 2009 - 07:15
  • Nije organisaasje foar belangen fan homo's

Yn Ljouwert is in nije belange-organisaasje foar homo's, lesbiennes en biseksuelen oprjochte. It giet om de stichting GayLeeuwarden. Dy wol him ûnder oare ynsette foar deselde behanneling, it jaan fan foarljochting en it organisearjen fan aktiviteiten. Doel is om dat net allinne yn Ljouwert te dwaan, mar yn hiel Nederlân.

De kommende tiid ynventarisearret de nije belange-organisaasje wat foar winsken der libje ûnder homo's, lesbiennes en biseksuelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)