Nije beammen foar Boalsert

10 nov 2008 - 13:00

Yn Boalsert wurdt tongersdei út ein set mei it plantsjen fan nije beammen oan de Gysbert_Japicxlaan. De besteande beammen hiene lêst fan ypsykte en de woartels fan de beammen joegen in soad skea oan de riolearing. De riolearing is ferfongen en de beammen binne mei woartel en al fuorthelle.

De gemeente Boalsert fynt dat de strjitte no net mear de útstrieling fan in moaie klassike leane hat en wol dêrom op 'e nij beammen plantsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)