Nije baptistetsjerke yn Snits

19 jan 2014 - 16:26
  • Foar de offisjele iepening waard drok oefene
  • By de baptisten is de koster wis fan plak

Wylst in soad tsjerken yn Fryslân te krijen hawwe mei minder besikers of sels slute moatte, giet it de baptisten yn Snits foar de wyn. De gemeente groeit stadichoan en sadwaande waard it tiid foar in nij gebou.

Dat gebou hawwe se fûn yn it âlde postsortearsintrum oan de rûnwei yn Snits. Yn de nije tsjerke is plak foar 600 gemeenteleden. De tsjerke waard snein feestlik iepene. De Baptisten sitte al sûnt 1880 yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)