Nije banken en picknicktafels betelle mei festivaljild

30 nov 2015 - 17:27
  • Dunegebiet Flylân

Flylân kriget santich nije banken en tsien nije picknicktafels as ferfanging fan de âlde. It duorret twa oant trije jier om alles te ferfangen, is de ynskatting fan natuerbehearder Steatsboskbehear.

De oanskaf fan nij 'eilânmeubilêr' is net goedkeap. It kin betelle wurde mei jild dat fertsjinne is mei it festival Into the Great Wide Open. Alles wurdt fan west nei east ferfongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)