Nije bakkerswinkel yn Marsum

09 okt 2006 - 14:06

Marsum krijt wer in bakkerswinkel. In jier ferlyn gie de lêste bakkerij yn it doarp ticht. Op ynisjatyf fan Doarpsbelang komt der no in folslein nije winkel. Op it hiem fan ien fan de ynwenners wurdt in nij gebou delset.

Klaske Giesing wurdt behearster fan de bakkerij. De bou fan de bakkerswinkel wurdt betelle mei jild fan de gemeente, de provinsje, de wenningstifting en in bydrage fan it Marsumer monumint It Poptaslot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)