Nije 'baas' op Woudagemaal

29 nov 2010 - 15:23

Hilda Boesjes-Beljon wurdt fan takom jier ôf de nije direkteur fan it besikerssintrum fan it Woudagemaal op De Lemmer. Boesjes wie earder ek direkteur fan de eveneminten Friesland Vaart en de Fryske Havendagen.

It bestjoer fan de stichting Woudagemaal is bliid en grutsk op de beneaming fan Boesjes. Neffens de foarsitter fan it stichtingsbestjoer kin se helpe om it Woudagemaal as ûnderdiel fan de wrâlderfguodlist te promoatsjen yn binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)