Nije baas foar memmebedriuw LC

30 sep 2010 - 20:56

It memmebedriuw fan de Ljouwerter Krante hat in nije bestjoersfoarsitter. Theo van der Raadt folget tydlik foarsitter Bert de Groot op, dy't as waarnimmer oansteld waard nei it fuortgean fan Jan de Roos. Dy lei yn juny nei 11 jier it foarsitterskip by NDC|VBK del.

NDC|VBK hat ek in nije ried fan kommissarissen mei dêryn âld-Volkskrant-haadredakteur Pieter Broertjes. Bankman Age Offringa wurdt presidint-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)