Nije baan foar Paardenkooper

08 feb 2011 - 15:11
  • Maurice Paardenkooper sil yn Ingelân oan de slach

Maurice Paardenkooper wurdt trainer by it Ingelske sylbûn. De ynwenner fan Frjentsjer sil oan de slach by de Olympyske Elliott-klasse.

Paardenkooper wie de lêste jierren trainer by de suksesfolle Yngling ploech fan Nederlân. Mei dat team wûn hy sulver op de Olympyske Spelen. Paardenkooper stapte op by it Nederlânske sylbûn, omdat it dêr net gong sa as hy it woe. Yn 2012 binne de Olympyske Spelen yn it Ingelske Londen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)