Nije baan foar Jack de Vries

06 sep 2007 - 06:19

Jack de Vries, de rjochterhân fan premier Balkenende, begjint oan in nije baan. De 39-jierrige Lemster sil oan de slach by advysburo Boer en Croon. De Vries wurket sûnt 1997 foar ferskate CDA-promininten. Doe't Balkenende minister-president waard krige De Vries de funksje fan persoanlik assistint.

By de gemeenteriedsferkiezings yn 2006 en de Twadde Keamerferkiezings yn 2007 wie De Vries kampanjelieder fan it CDA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)