Nije attraksjes Kameleondoarp

12 jul 2012 - 16:16
  • Kameleon
  • Kameleondoarp

It Kameleondoarp ýn Terherne ferwachtet in soad fan de nije attraksjes lykas 'Op ekspedysje mei Hielke en Sietse op syk nei it swarte goud'. Besikers fan it doarp wurde mei in boat nei it eilân brocht dêr't fan alles te belibjen is. It giet om in gearwurking tusken It Kameleondoarp, Steatsboskbehear en de Marrekrite.

In pear jier ferlyn drige sluting fan it Kameleondoarp, mar ûnder oare troch dizze nije attraksje is der wer in takomst foar it doarp fan Klinkhamer, dy't yn it echt Stefan de Lange hjit.

Yn 't ferline waarden de minsken yn groepen nei it eilân brocht en dy bleaune dan byelkoar, mar dat befoel net mear. No fart it skip de hiele dei hinne en wer en kinne de besikers op it eilân sels útmeitsje wat se dwaan wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)