'Nije attraksje op It Amelân'

17 jul 2006 - 17:05

Amelân krijt der mooglik in nije attraksje by. It giet om in steiger mei âlde rêdingsboaten by de moderne rêdingsboat yn 'e Ballumerbocht. Dat seit foarsitter Nachtegaal fan de jachthavenstichting by in besite fan minister Dekker oan it eilân.

De âlde rêdingsboaten ferdwine dan út de jachthaven, dy't de ektra romte goed brûke kin. De haven is ta oan in útwreiding, mar troch ûnder oare ryksbelied is dat dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)