Nije attraksje by Damshûs

06 maaie 2007 - 16:53

Museum It Damshûs yn Nij Beets hat der in nije attraksje by. It feanhûs dat eartiids yn it doarp stie, is opnij opboud. It wie de wente fan de feanbaas dêr't ek in winkel en in kafee yn siet. Dy komme ek werom.

It giet goed mei it Damshûs. Ferline jier kamen der oer de 9000 besikers. Dat wiene mear as yn 2005. Sneon wie it Himmeldei yn it museum. Alle frijwilligers rûnen yn klean fan eartiids en makken de húskes skjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)