Nije asyl Drachten iepen

27 des 2002 - 00:00

Fan freed ôf kinne hûnen en katten wer telâne yn it nije biste-asyl yn Drachten. It nije gebou hat 1,3 miljoen euro koste. Foar't it safier wie hat der in soad te dwaan west.

It asyl soe foar fjouwer gemeenten tsjinst dwaan, mar Achtkarspelen luts him werom. Dat is harren net yn tank ôfnaam en der hinget se dan ek in claim fan buorman Smellingerlân boppe de holle. It asyl biedt plak oan 60 katten en 12 hûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)