Nije assistint foar Foppe

30 jan 2003 - 00:00

Foppe de Haan bliuwt takom jier noch trainer fan SC Hearrenfean. Dat is tongersdei op in parsekonferinsje bekendmakke. As assistint-trainer wurdt Dwight Lodeweges oanlutsen, earder trainer fan FC Grins. Hy sil mei Jan de Jonge De Haan bystean by it 1e alvetal.

De technyske stêf bliuwt fierder yntakt. Der sil in soad omtinken wêze foar de yndividuele begelieding fan spilers. Foppe de Haan bliuwt ek technysk direkteur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)