Nije arrestaasjes Club Q

25 maaie 2010 - 12:54
  • Foto: Omrop Fryslân

Twa nije fertochten binne oppakt yn 'e saak-Club Q. It giet om twa jonges fan 17 en 19 jier út Broeksterwâld en Damwâld. Mids april kaam Redmar Smedema (16) út Burgum nei fjochterij yn 'e diskoteek yn Quatrebras om it libben. Dyselde nachts rekke Gerard Dykstra (20) fan Damwâld slim ferwûne by in oar ynsidint op it parkearterrein.

De ôfrûne wiken hat de plysje al twa jongeren oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de fjochterijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)