Nije argeologyske útstalling

14 jan 2005 - 16:42

De argeologyske útstalling yn it Frysk Museum yn Ljouwert wurdt fernijd. De âlde wie te saai en der wie ek te min te dwaan foar de bern. Mei op oantrunen fan skoallen wurdt dêr no wat oan dien.

Der komt in trochsneed fan in terp yn it museum. Bern kinne dêr sels op ûndersyk út. Ek kinne se sjen hoe't minsken wennen op in terp yn Fryslân, tusken 600 foar Kristus en 1000 nei Kristus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)