Nije apparteminten yn Oerterp

21 jun 2004 - 00:00

Yn Oerterp set fan 't hjerst de bou fan njoggen apparteminten foar ien- en twa-persoans húshâldens út ein. De wenten komme oan de Weibuorren en meitsje diel út fan in grutte renovaasje fan it sintrum fan it doarp.

De apparteminten wurde ferdield oer trije gebouwen fan elk trije wenlagen heech. Ferline wike binne doarpsbelang en omwenners op 'e hichte steld. Dy wiene entûsjast oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)