Nije app: Fauna yn Fryslân

14 nov 2014 - 12:07
  • De app Fauna yn Fryslân

Fryslân is in nije app riker foar de natoerleafhawwer mei in smartphone. De app beskriuwt 200 bistesoarten dy't karakteristyk of wichtich foar Fryslân binne. Fierder befettet de app natoerfoto's, lûdsopnamen, spriedingskaarten en ynformaasje oer de soart yn it Frysk. Inisjatyfnimmer is Anne Popkema fan Taalburo Popkema.

Hy kaam der achter dat net in goeie list bestiet fan Fryske bistenammen. Troch dat mei yn in app op te lossen, kin dy list ek hiel maklik oanfold wurde. Utjouwerij Wijdemeer en Naturalis yn Leiden ha ek meiwurke oan de app.

De app is mei mooglik makke is troch stipe fan de provinsje, it Fryske Gea en it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. De app hjit by Apple no noch Fauna fan Fryslân, mar dat feroaret noch nei Fauna yn Fryslân. Deputearre Johannes Kramer sil freedtemiddei yn Earnewâld symboalysk as earste de app riedplachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)