Nije Antiljane-oanpak plysje

31 okt 2008 - 13:51

Plysje en justysje komme mei in nije oanpak om de oerlêst fan Antiljanen yn Ljouwert tebek te kringen. Dat hat justysje freed bekend makke.

It iepenbier ministearje makket in list mei tsien nammen fan Antiljanen dy't it faakst mei justysje yn oanrekking komme. Dy wurde skerp yn 'e gaten hâlden troch buertplysjes en soarchburo's. Plysje en justysje dogge dit omdat Antiljanen sjoen wurde as de grutste oerlêstferoarsakers yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)