Nije ambulânse berikt de fierste plakjes op Skylge

29 jan 2016 - 17:27
  • De nije 4x4 ambulânse

Brekke jo je foet op it fierste dún fan Skylge, dan wurde jo rêden troch in super moderne 4x4 ambulânse. Fan dizze sike-auto rydt der noch net ien yn Nederlân om.
De sjauffeurs fan Skylge hawwe freed in primeur, as se in testrit meitsje op it strân en troch de dunen.

De nije ambulânse is ymporteard út Finlân. Troch bosken en op rûch terrein yn Skandinavië ride mear fan dizze ambulânses. Mar op it Fryske strân liket er it ek goed te dwaan. De ambulanse-sjauffeurs fan Skylge krigen freed training yn de nije wein en dat foldie goed.

De foarige ambulânse gie al 20 jier mei. En al sit der 4 wheel drive ûnder, sa no en dan hat er dochs in soad muoite mei it sân. Dizze auto stiet nije wike dêrom yn it museum fan âlde foertugen fan it universitêr medysk sintrum yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)