Nije âlde bok yn Lúnbert

20 maaie 2011 - 11:35
  • De nije 'âlde' bok
  • foto's Lumin'aire fotografie

Yn Lúnbert is freed foar it earst sûnt de jierren 40 wer in âlde bok presintearre. In bok is in skip mei in platte boaiem en in lingte fan goed 12 meter. In bok waard gauris brûkt troch boeren om guod mei te ferfieren.

De nije bok is in inisjatyf fan Beren Busstra. Syn heit makke eartiids bokken en hy hopet mei dit nije skip de herinnering yn libben te hâlden. It skip sil oerbrocht wurde nei Haskerdiken dêr't it in fêst lisplak op de wâl krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)