Nije aksjes by Prins Dokkum

23 apr 2013 - 11:41
  • Staking Prins Dokkum

Der komme nije aksjes by Prins Dokkum. De wurknimmers wolle net akkoart gean mei de eask fan de direksje dat se gjin gebrûk meitsje sille fan har juridysk rjocht om it ûntslach oan te fjochtsjen. Dat betsjut neffens FNV-bestjoerder Anne van Dijk dat elk sosjaal plan no definityf fan tafel is.

De wurknimmers stappe no nei útkearingsynstaansje UWV. Dy sil beoardele oft wetlik gjin fouten makke binne troch Prins Dokkum.

Boppedat wolle de wurknimmers mei nije stakingen en publyksaksjes it haadkonsern Saferoad dúdlik meitsje dat Prins Dokkum iepen bliuwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)