Nije aksjes by jildtransporteur Brink's

13 jan 2015 - 14:58
  • Personiel fan Brink's by eardere aksjes

Meiwurkers fan Brink's komt op 'e nij mei aksjes. Binnen in pear dagen moat dúdlik wêze op hokker wize de aksje hâlden wurde sil. Brink's moat hûnderten minsken dien jaan omdat it de Rabobank as klant ferliest. It bedriuw wol de minsken safolle mooglik ûnderbringe by oare jildtransporteurs. Dat is oant no ta net slagge.

Meiwurkers fan Brink's hawwe al earder aksje fierd troch de jildautomaten net mear by te foljen. Dat soarge op guon plakken foar lege pinautomaten. Brink's hat yn Drachten in fêstiging mei goed santich wurknimmers.

Om de oerlêst foar klanten te beheinen, sille de aksjes dizze kear per festiging it foljen fan de pinautomaten stillizze. Brink's hat sân festigings, ien dêrfan sit yn Drachten. Winkeliers sille net de dupe wurde fan de aksjes, besteande ôfspraken om kasjild op te heljen wurde neikommen.
Brink's makke moandei bekend dat se de bedriuwen G4S en SecurCash fia de rjochter twinge wolle om personiel oer te nimmen. Rabobank hat him oansletten by Geld Service Nederland, dat saken docht mei dizze beide jildtransporteurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)