Nije akkommodaasje yn Warns

10 des 2010 - 18:02

Yn Warns is freed in multyfunksjonele akkommodaasje iepene. Dat is in gebou yn it doarp dat ûnderdak biedt foar ferskate ynstellings. Sa sitte der ûnder oare twa basisskoallen, in pjutterboartersplak en in biblioteek yn it gebou.

De akkommodaasje is bedoeld foar minsken fan 0 oant 99 jier. Der wiene in soad gebouwen yn it doarp dy't nedich oan nijbou ta wiene, dêr is no ien grut gebou foar weromkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)