Nije akkommodaasje yn Holwert

28 apr 2012 - 11:40

Yn Holwert is sneon begûn mei de bou fan in multyfunksjonele akkommodaasje. Sporhal De Ynset yn it doarp wurdt hielendal omboud en útwreide. Sa komt der ûnder oaren in teaterseal, in berne-opfang en in fitnessromte yn it gebou.

It doarp hopet mei de bou fan dy akkommodaasje de krimp yn de regio tsjin te gean. Mei-inoar kostet it gebou sa'n twa miljoen euro. Doel is dat it doarp letter ek in soarchsintrum foar âlderen krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)