Nijbouprojekt FVC útsteld

05 apr 2010 - 11:48

Opnij wurdt in grut nijbouprojekt fan de gemeente Ljouwert útsteld. It giet om de bou fan tritich wenten wêrby't ek bedriuwen sitte meie. Dy moatte komme op it eardere fuotbalterrein fan FVC op de Hemrik.

Skipswerf Welgelegen oan de oere kant fan it terrein hat mei sukses beswier makke by de Raad van State. It bedriuw sit der al mear as tritich jier. De gemeente Ljouwert fynt dat de skipswerf net benaud hoecht te wêzen foar beheining as gefolch fan de nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)