Nijbouprojekt De Jouwer giet sneon fan start

08 feb 2016 - 11:20

Faze 1 fan nijbouprojekt 'Mooi Joure' giet sneon fan start. Minsken dy't belangstelling ha foar in wenning yn it nije plan yn de wyk Blaauwhof, kinne sneon in hûs keapje.

Der wurde 17 wenningen yn jierren '30 styl boud. Dit binne seis hoek- en alve tuskenwenningen. Se komme tichtby it sintrum fan De Jouwer te stean en binne geskikt foar starters en jonge gesinnen. Op It Hearrenfean binne fergelykbere wenningen delset. Dy kavels wiene yn in pear wiken tiid ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)